Gemeente en fûgelwacht De Jouwer warskôgje foar gif

14 aug 2018 - 22:07

Gemeente De Fryske Marren en de fûgelwacht fan De Jouwer en omkriten warskôgje minsken foar it gebrûk fan gif tsjin ynsekten. Want dy ynsekten wurde wer fretten troch fûgels en dat kin hiel min útpakke. In lanlik ûndersyk nei boereswellen wiist dêrop.

Nêsten fan de wytgatswel op 'e Jouwer - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Op it stuit giet it noch goed mei benammen de sweltsjes op 'e Jouwer. Yn de bûtenwiken hat de fûgelwacht in soad dien om de ferskillende soarten fan de ynsektefretters briedplakken te bieden. Yn ien peal mei keunstnêsten sitte bygelyks njoggentjin spantsjes wytgatsweltsjes en by it ringjen fan jonge ierdswellen kamen de ringers gjin frjemde saken tsjin.

Om dat sa te hâlden roppe gemeente en fûgelwacht op om foarsichtich te wêzen mei it gebrûk fan bygelyks mieredoaskes of fertinne Roundup. Mar ek de miggeplakstrips binne in gefaar. Dêr kinne ek fûgels of flearmûzen yn fêstplakke.

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)