Frijwilligers nei Tadzjikistan, nettsjinsteande resinte deadlike oanslach

Twa wiken nei de oanslach yn Tadzjikistan sil in groep Friezen nei it lân om frijwilligerswurk te dwaan. Ein july waard yn it lân in groepke fytsers oanfallen. Dêrby kaam Fries om utens René Wokke om it libben.
© Stichting Stype
It groepke frijwilligers sil woansdeimiddei nei it lân ta fleane. Abe Timmermans út Noardwâlde, Age Jelle Cnossen út Tsjom, Anna-Rixt Meekma út Assen, Jaap Visser fan Ljouwert, Marten Hingst, dy't yn Portugal wennet, en Wieke Jelsma út Rien gean foar fyftjin dagen nei it Aziatyske Tadzjikistan. De frijwilligers sille yn in ynternaat foar beheinden en wezen in nije waskromte bouwe.
De groep is net bang om nei it lân ôf te reizgjen nei it barren fan ein july. "We sjogge it as ynsidint, minsken gean ek gewoan nei Dútslân, wylst der ek wol oanslaggen west hawwe", seit Anna-Rixt Meekma.
Frijwilliger Abe Timmermans