Swurd Grutte Pier provinsje út

28 jun 2012 - 11:24

It swurd fan Grutte Pier is foar it earst op in oar plak yn Nederlân te sjen. It stie oant no ta yn it Fries Museum yn Ljouwert, mar giet nei it Maritym Museum yn Rotterdam. It is dêr te sjen by de tentoanstelling 'Echte Piraten'. It swurd wurdt nije wike nei Rotterdam brocht. It wurdt dan by it transport yn de gaten hâlden troch twa skoalbern út Kimswert, it doarp dêr't Grutte Pier wenne hawwe soe.

It swurd is oant septimber takom jier yn Rotterdam te sjen. Dêrnei komt it werom nei Ljouwert, dêr't it in plakje krijt it nije Fries Museum.

(advertinsje)
(advertinsje)