Fytster slim ferwûne nei botsing mei hûn

By in ûngelok op It Hearrenfean is tiisdeitejûn in frou slim ferwûne rekke. De frou kaam op in fytspaad yn wenwyk De Heide yn botsing mei in losrinnende hûn en kaam dêrtroch raar te fallen.
By de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset © CAMJO Media
De frou is troch helpferlieners stabilisearre op it plak fan it ûngelok en dêrnei mei de ambulânse nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. Hoe't it krekt mei har is, is net bekend.
By de helpferliening waard ek in traumahelikopter ynset.