Ferwyldere katten meie noch altyd ôfsketten wurde

14 aug 2018 - 20:21

Ferwyldere katten yn Fryslân meie noch altyd ôfsketten wurde. Dat hat de provinsje besletten. Ferwyldere katten binne katten dy't fuortrûn binne of dy't yn it wyld smiten binne. Se binne minskeskou, minsken wolle se net hawwe en de bisten kinne ek net yn it asyl terjochte. Stray Animal Foundation Platform makket him hurd foar dizze groep katten. De groep wol de bisten sterilisearje of kastrearje en dêrnei weromsette yn de natoer. Ferline jier tsjinnen se in fersyk yn by de provinsje Fryslân tsjin it ôfsjitten. En no, in jier letter, wiist de provinsje dat fersyk ôf.

Foto: -

Sûnt ferline jier meie provinsjes in beslút nimme oer it wol of net sterilisearjen of kastrearjen fan ferwyldere katten. Foarhinne waard dat lanlik fêstlein. Fryslân is net de iennige provinsje dy't der in jier oer dien hat om in beslút te nimmen oer it ferlienen fan in fergunning. Grinslân en Limboarch moatte noch in beslút nimme oer ferwyldere katten. De oare provinsjes hawwe wol tastimming jûn foar it kastrearjen of sterilisearjen fan katten dy't sûnder baaske libje. Nei't se holpen binne, wurde de katten weromset yn de natuer.

De provinsje Fryslân is foar it deasjitten fan de katten, om skea oan fauna, benammen pykjes fan (greide)fûgels, foar te kommen. Dêrneist giet fan de oanwêzichheid fan de katten in sterk fersteurende ynfloed út op oare bistesoarten, neffens de provinsje.

Isabelle Sternheim fan Stray Animal Foundation Platform is teloarsteld oer it beslút fan de provinsje Fryslân. Allerearst om't de provinsje pas in jier nei it fersyk reagearret, mar dêrneist ek om't sy fynt dat it ôfsjitten fan bisten net fan dizze tiid is: "De dieren vallen tussen wal en schip. Als we willen dat er geen wilde katten meer zijn, moeten we tegengaan dat ze zich kunnen voortplanten." Sternheim wiist eigeners fan katten derop dat it hiel wichtich is om de katten ûnfruchtber te meitsjen.

Harkje nei de bydrage (1)

Harkje nei de bydrage (2)

(advertinsje)