Oprop hat súkses, Anneke kin ôfspraakje meitsje mei 'sjarmante Fries'

14 aug 2018 - 18:22

Hast in wike lyn pleatste Omrop Fryslân in oprop fan de 78-jierrige Anneke út Nijmegen. Sie hie sa'n sjarmante Fryske man troffen yn de trein, mar nei stasjon Utrecht hawwe se inoar net mear sjoen en se hiene gjin kontaktgegevens útwiksele. Nei in soad speurwurk en bellerij hat Omrop Fryslân de man no dochs fûn.

Anneke en Sjaak - Foto: Omrop Fryslân

De man yn kwestje is de 80-jierrige Sjaak Vermeer út Ljouwert. Hy is bliid ferrast dat Anneke him siket, want hy wie wol ûnder de yndruk fan har. Yn de trein hie Sjaak oan Anneke ferteld dat er de Nijmeegske Vierdaagse rinne soe. Sy hie him belooft dan nei him te swaaien.

Sjaak wie de ôfspraak al hast fergetten, mar op de earste dei fan de Vierdaagse hat er wol om him hinne sjoen. Anneke mar swaaie, mar Sjaak hat har net sjoen. Hy hie net ferwachte dat Anneke dêrnei sa'n syktocht op tou sette soe.

Radiopresintator Arjen Overmaat kaam tiisdeitemoarn yn it radioprogramma Muzyk yn Bedriuw mei in ferrassing. Hy belle Anneke live op om te fertellen dat Sjaak fûn is. En yntusken siet Sjaak oan de oare kant fan de telefoanline. Anneke wie tige bliid om him te hearren. Op de radio prate se fierder oer de grutte syktocht. De twa stean beide iepen om inoar te sjen.

Ik vind het een charmante dame. Maar kriebels in mijn buik heb ik nog niet.

Sjaak Vermeer
Trefwurden: 
Sjaak Anneke
(advertinsje)