"Martin Ødegaard ûnderweis nei Vitesse"

Martin Ødegaard liket ûnderweis nei Vitesse. De âld-Hearrenfeanspiler is op dit stuit yn Nederlân. De Spaanske krante El Mundo melde tiisdei dat Ødegaard wer nei Hearrenfean ta giet, mar hy liket yn Nederlân te wêzen om by Vitesse te spyljen.
Martin Ødegaard © Orange-Pictueres.nl
Ødegaard is noch altyd eigendom fan Real Madrid. Hy gong mei nei Amearika foar guon oefenwedstriden, mar coach Lopetegui liket gjin romte yn syn seleksje te hawwen foar Ødegaard. Hy sit ek net by de seleksje foar de Europeeske Super Cup tsjin Atletico Madrid.
De lêste oardel jier hierde SC Hearrenfean de Noar fan Real Madrid. De 19-jierrige Ødegaard spile 38 kear en skoarde twa kear.