Fryske Akademy ferkeapet histoarysk gebou oan famylje út Wurdum

De Fryske Akademy hat it gebou fan it eardere levertraanfabryk ferkocht. It giet om it gebou njonken it haadgebou fan de Akademy, oan de Doelestrjitte yn Ljouwert.
It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert © Wikimedia Commons
It levertraanfabryk is boud yn 1869. De ferneamde bedriuw Draisma van Valkenburg hat der jierrenlang yn sitten. Yn 1975 gie it fabryk ticht. Dêrnei kaam de Fryske Akademy yn it gebou. Dy organisaasje ferkeapet it no, om de finansiering fan de fernijbou fan de oare gebouwen foarinoar te krijen.
It levertraanfabryk is ferkocht oan de famylje Gerlofs út Wurdum. It is net dúdlik wat dermei barre sil.