Fiskstreuper pakt by Aldtsjerk

28 jun 2012 - 11:06

In 68-jierrige man út Aldtsjerk is woansdeitemoarn op 'e died betrape by it fiskstreupen. In plysjeman seach in auto yn it lân stean by de Aldtsjerkstermar. Omdat dêr wol mear streupt wurdt, gie er op ûndersyk út. Op it wetter wie de Aldtsjerkster mei fisknetten oan de gong.

De plysje fûn yn syn boatsje sân fûken mei fjouwer grutte ielen deryn. De fûken en de fisk binne yn beslach naam, tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

(advertinsje)