Wol skuldich mar gjin straf, oplichter boubedriuwen giet frijút
In man út Haskerhoarne, dy't nei seis jier foar de rjochter komme moast fanwege oplichting, hat fan de rjochter gjin straf krigen. De rjochtbank fynt de man wol skuldich, mar jout him gjin straf. De 43-jierrige man wie yn 2011 en 2012 lid fan in kriminele bende dy't bedriuwen oplichte. It gie benammen om boubedriuwen.
De kriminelen bestelden foar tûzenen euro's oan guod, mar betellen nea. Se ferkochten it guod troch, wêrtroch't se der sels jild oan fertsjinnen. It Iepenbier Ministearje woe dat de man twa wiken de sel yn gie, en dat er 180 oeren wurkstraf krige. Mar de rjochter fynt dat de man te lang op syn saak wachtsje moatten hat. Dêrnjonken is de fertochte yntusken hast blyn en hat er kanker.