Opbou Sirkus Barani fertrage troch parkearde auto's

14 aug 2018 - 16:30

Sirkus Barani hat pech, want it koe de tinten net opbouwe. It ôfprate plak Plein 1445 yn Boalsert stie fol mei auto's fan bewenners. De bisten hawwe dêrtroch folle langer yn de transportweinen sitten as de bedoeling wie.

Sirkus Barano kin de tinte net opbouwe, om't der allegearre auto's parkeard stean. - Foto: Ronnie Porte

It sirkus soe moandei al opbouwe op it plein, mar de gemeente Súdwest-Fryslân hie frege oft it sirkus in dei letter komme koe yn ferbân mei it hurdfytsen fan de BinckBank Tour. Der soene buorden delset wurde mei in parkearferbod, mar de gemeente hat dat fergetten. Doe't it sirkus tiisdeitemoarn oankaam, stiene der allegearre auto's op it plein.

Robert Zinnecker fan it sirkus is net te sprekken oer de gong fan saken. As de earste foarstelling, woansdeitemiddei 15:00 oere, net trochgean kin, dan sil Sirkus Barani de gemeente oanspraaklik stelle foar de ekstra kosten of miste ynkomsten. De gemeente jout ta dat der wat misgien is.

Om healwei seizen wurdt de lêste auto fuorthelle troch de eigener. Yntusken binne de wurkinmmers fan it sirkus begûn mei it delsetten fan stekken en de foartinte. Se dogge der alles oan om op tiid klear te wêzen foar de earste foarstelling. De hynders, geiten en lama's dy't sa lang wachtsje moasten, hawwe de gelegenheid krigen om even bûtendoar om te rinnen en wat te drinken, foardat se op Plein 1445 lang om let te plak kinne.

Trefwurden: 
Boalsert sirkus Barani
(advertinsje)
(advertinsje)