Wetterskip pakt eksoatyske woekerwetterplant yn Feanwâlden oan

14 aug 2018 - 16:28
Foto: Omrop Fryslân, Ilse Hermanides

Wetterskip Fryslân is by Feanwâlden in eksoatyske plant oan it bestriden. It giet om de wetterkrassula. It plantsje woekeret nochal en dat hat grutte gefolgen foar de wetterhúshâlding. De plant kin sleatten folslein oerwoekerje. Dêrom moat de plant oanpakt wurde, seit it wetterskip.

In spesjalisearre bedriuw docht de bestriding. De plant wurdt oanpakt mei hjitwettertechnyk.

Wetterkrassula heart eins net thús yn Nederlân. It plantsje is ynfierd as akwarium- en fiverplant. De plant fermearderet him hiel hurd. Hy leit dan as in tichte deklaach oer it wetter hinne. Oare planten en bisten wurde ferkrongen.

Wetterskip Fryslân ropt mei in kampanje ynwenners op om gjin eksoatyske planten en bisten yn de natuer wei te smiten of los te litten. De wetterkrassula kin it bêste yn de grize kontener.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Heramides

Ferslachjouwer Ilse Hermanides praat mei in meiwurker fan Wetterskip Fryslân oer de bestriding fan de wetterkrassula

Op Skylge oerwoekeret de wetterkrassula in dún. Dat dún sil ôfgroeven en ôffierd wurde om it plantsje folslein te ferwiderjen. Om't dat nochal in kostbere operaasje is moat it Europeesk oanbestege wurde. As it goed is, sil it yn septimber gebeure.

Foto: Omrop Fryslân, Ilse Heramides
(advertinsje)
(advertinsje)