Frou mei motor ûnderút

28 jun 2012 - 10:59

In 53-jierrige frou út Ljouwert is woansdeitemiddei ferwûne rekke doe't se mei de motor foel yn Wergea.

By it fuortriden ferlear se de macht oer it stjoer en kaam it foartsjil omheech. Op it achtertsjil skearde se flak by in parkearde auto del, om dêrnei op de auto fan 19-jierrige Wergeaster te botsen. De frou foel en is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
motor ûnderút
(advertinsje)
(advertinsje)