Dominant Hearrenfean docht goede saken foar klassemint mei twadde deiwinst by Wâldsein

14 aug 2018 - 15:58

It Hearrenfean hat it skûtsjesilen by Wâldsein wûn. Hearrenfean dominearre de wedstriid. It skûtsje wie as earste út de start, as earste by de boppeste tonne, en as earste by de finish. De rest fan de float koe net yn de buert komme. Foar Hearrenfean wie it de twadde deiwinst fan it kampioenskip. Skipper Sytze Brouwer wie út de skroeven.

"Machtich! Supergeweldich! We ha sa moai fochten mei Grou, we rûnen wol út, mar Grou koe krekt wat mear hichte rinne. We ha ûnder de wedstriid wat feroare, en doe koenen wy dat ek. Wat in moaie dei!"

Oan de ein fan de wedstriid like it noch even spannend te wurden. It skûtsje fan Grou kaam hieltyd tichterby. Hearrenfean moast ferdigenje. Dat slagge. Grou koe Hearrenfean net byhâlde. By de finish hie Hearrenfean in romme foarsprong.

Mei in goeie klassearing lûkt Hearrenfen it gemiddelde oantal punten moai omleech. Dat is belangryk, omdat Hearrenfean sneon by Starum de wedstriid mei averij ferlitte moast. Dêr koene de Feansters neat oan dwaan, en dêrom meie se foar dy wedstriid it gemiddelde oantal punten skriuwe dat se yn alle oare wedstriden krije.

Hearrenfean wie by Wâldsein as earste om de boppeste tonne. Snits sylde der as twadde omhinne. Deun dêrachter sieten Grou en De Lemmer. Dy skûtsjes kamen mei mekoar yn oanfarring. Der like net in soad skea te wêzen. De protestflaggen bleaunen yn de bûse.

In rûte letter wie der wol ien dy't de protestflagge yn it want hong. Dat wie by de ûnderste tonne. De skûtsjes fan De Jouwer, de Súdwesthoeke en Earnewâld woene dêr tagelyk omhinne. Se rekken mekoar net, mar de bemanning fan De Jouwer luts wol de reade flagge. Se fûnen dat se net genôch romte krigen hienen. It protest is net yntsjinne.

It skûtsje fan Ljouwert sylde hast de hiele wedstriid achteroan. De Ljouwerters hiene in hiele minne start, se waarden oan de ferkearde kant fan it startskip lâns twongen. Se kamen as lêste oer de finish. Ljouwert hat dit jier al trije kear de deipriis pakt, mar falt no werom nei it sechsde plak yn it klassemint.

Klassemint

Yn de top fan it klassemint is it no razend spannend. Earnewâld is noch earste, mei 26,9 punten. Hearrenfean is twadde, en Grou tredde. Dy beide skûtsjes ha 28,8 punten. Hearenfean stiet twadde. Mei in likense stân telt de útslach fan de lêste wedstriid. Dy wûn Hearrenfean. De Lemmer en Akkrum steane op it fjirde en fyfde plak. Dy beide skûtsjes ha 36 punten.

De wedstriid by Wâldsein wie in ynhelwedstriid, omdat der by Earnewâld net syld wurde koe. De kommisje hie graach mei in sleepstart starte wollen, mar dêr waaide it te hurd foar. De SKS tinkt der oer nei om no by ien fan de kommende wedstriden noch in sleepstart te hâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)