Jonge ferwûne achterlitten

28 jun 2012 - 10:43

By it carpoolplak op de Wegeasterdyk by Ljouwert is woansdeitemiddei in jonge oanriden troch in auto, dy't dêrnei trochriden is. De jonge fan 13 út Wergea fytste fan Ljouwert nei hûs, doe't er ynhelle waard troch in donkere auto. Dy rekke him mei de spegel. Dêrtroch foel de jonge en rekke ferwûne oan syn holle en earm. De bestjoerder ried troch.

In kennis hat de jonge nei hûs brocht. De plysje siket nei tsjûgen.

Trefwurden: 
trochriden oanriding
(advertinsje)