"Wy binne der saterdei noch oerhinne riden"

14 aug 2018 - 15:56
Foto: ANP

Yn de Italiaanske havenstêd Genua is in brêge fan de sneldyk A10 ynstoarten. Yn alle gefallen 22 minsken binne dêrby om it libben kaam. Acht minsken binne ferwûne rekke. Gerry de Bruin fan Drachten is op dit stuit yn de Italiaanske stêd op fakânsje. Hy hat by it plak besocht. "It is in ramp hjirre, ferskriklik".

De Bruin sjocht ferskate rêdingswurkers oan it wurk, mar it komt op him net hiel koördinearre oer. "It liket krekt as oft se net witte wat se dwaan moatte." De Italianen sels binne neffens De Bruin fernuvere, mar prate in soad. "Se binne drok oan it beljen en praten. Yn de stêd sels is it in drokte mei plysjes en helikopters."

"Sneon binne wy noch oer de brêge riden, dus dat jout wol in ekstra tintsje deroan. It wie striemin waar, in protte rein, mar gjin wyn. Der wurdt no sein dat it troch it waar komt, mar dat liket my sterk. It is hiel frjemd dat it sa ynienen ynstoarte kin."

Gerry de Bruin: It is ferskriklik

Trefwurden: 
Genua
(advertinsje)
(advertinsje)