Fandalen stelle buordsjes fan grêven op begraafplak Snits

14 aug 2018 - 14:19

Op it algemien begraafplak yn Snits binne acht nammebuordsjes fan grêven stellen. It giet om de tydlike plestik buordsjes dy't by in grêf stean as ien krekt begroeven is. Letter komt pas de echte grêfstien.

Foto: Gemeente Súdwest Fryslân

Unbekenden hawwe de buordsjes fuorthelle en fierderop yn de strûken smiten. Neibesteanden kamen dêr tiisdeitemoarn achter. Dat meldt de gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente nimt de saak heech op en sil oanjefte dwaan.

(advertinsje)