LIVE: Ynhelwedstriid by Wâldsein sûnder sleepstart

14 aug 2018 - 13:23

De skûtsjes fan de SKS soene de ynhelwedstriid by Wâldsein mei in sleepstart begjinne, mar de omstannichheden litte dat net ta. Dat meldt de SKS. It waait te hurd om alle 14 skûtsjes yn ien sleep efterinoar te krijen.

Ferslachjouwer Geartsje de Vries oer de omstannichheden op de Hegemer Mar

By in sleepstart starte de skûtsjes efterinoar, yn in lange sleep. As it startskot klinkt, wurde de trossen lossmiten, en geane de seilen omheech. De lêste kear dat dit barde, wie yn 2016 by Earnewâld. Doe stie de wyn net geunstich foar in wâlstart, en by Earnewâld is net genôch romte foar in gewoane start.

Yn earste ynstânsje hie de wedstriidlieding foar in sleepstart keazen, om de skûtsjes dy't by Earnewâld in geunstige startposysje hienen temjitte te kommen. Dy wedstriid is net troch gien. De skippers hiene lotte om de startfolchoarder te bepalen. Skûtsjes dy't by Earnewâld foaroan leinen, begongen in dei earder achteroan, by de wedstriid fan De Feanhoop.

Trochdat de sleepstart no net troch giet, binne de skippen dy't op De Feanhoop foaroan lotten yn it foardiel. Se hoegden yn totaal minder meters te silen. De SKS wol dat graach kompensearje troch yn ien fan de kommende wedstriden noch in sleepstart te organisearjen. It is noch net dúdlik oft dat slagje sil.

De startfolchoarder op De Feanhoop en by Earnewâld - Foto: Omrop Fryslân

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

(advertinsje)