Auto rydt troch nei oanriding

28 jun 2012 - 10:25

In famke fan 16 út Wommels is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding mei in auto, de bestjoerder is trochriden. Op de krusing fan de Súdhoeke en de Hofkamp joech de bestjoerder fan in swarte auto oan dat it famke trochfytse koe, mar fuort dêrnei waard se troch him oanriden. Se kaam op de motorkap telâne en foel op de dyk.

De bestjoerder ried troch yn de rjochting fan Hidaard. It famke rekke ferwûne oan har earmtakke. De plysje siket tsjûgen fan de oanriding.

Trefwurden: 
oanriding
(advertinsje)