Alvin Daniels fan Cambuur nei Eindhoven

14 aug 2018 - 12:18

Alvin Daniels ferlit per direkt SC Cambuur. De oanfaller sil oan 'e slach by FC Eindhoven. De 24-jierrige Daniels kaam yn de simmer fan 2017 oer fan FC Dordrecht. Hy kaam it ôfrûne seizoen 29 kear yn aksje foar Cambuur. Dit seizoen wie der net in protte perspektyf op in basisplak.

(advertinsje)