Histoarje werom yn Starum

28 jun 2012 - 10:12

De Foarstrjitte yn Starum moat oanpast wurde oan it histoaryske karakter fan de stêd. Dat is ien fan de opfallende punten út it masterplan fan Starum dat de gemeente Súdwest-Fryslân oan de bewenners presintearre hat. De gemeente wol dêroer oerlizze mei de wenningboustichting. Fierder moat wat dien wurde mei de fûneminten fan it âlde blokhûs en hopet de gemeente noch hieltyd op in rekonstruksje fan it oarspronklike grutte stasjonsgebou.

Neffens wethâlder Offinga is der in ynvestearder dy't dêr jild yn stekke wol.

Yn septimber bepraat de gemeenteried fan Súdwest Fryslân it hiele masterplan. Dan wurde ek de plannen fan Makkum, Boalsert en Warkum besjoen.

Trefwurden: 
Starum histoarje Foarstrjitte
(advertinsje)