Paspoarten ferskuord: Friezen reitsje per ûngelok de Nederlânske nasjonaliteit kwyt

14 aug 2018 - 11:54

Friezen om utens Jan en Hinke Bouma binne per ûngelok de Nederlânske nasjonaliteit kwytrekke. Se wenje yn Dútslân. Doe't se it Nederlânske pasoart ferlinge woenen, waard dat ferskuord. Se binne ferbjustere.

De 80-jierrige Bouma wennet al 40 jier yn it Dútske Bergen, dêr't er les jûn hat oan de bern fan Nederlânske militêren, Doe't de skoalle opheft waard, binne de Bouma's yn Bergen bleaun.

De Bouma's ferlingen ferline jier it Dútske paspoart. Doe fregen se wat se dwaan moasten om ek it Nederlânske paspoart te hâlden. Neffens de Dútske autoriteiten wie dat gjin probleem. De ferbjustering wie dan ek grut doe't se yn Winschoten de Nederlânske paspoarten ferlinge woenen. Dy waarden ferskuord.

Bouma wol no syn nasjonaliteit werom ha. Hy hat altyd yn Nederlân belesting betelle en krijt ek in Nederlânsk pensjoen. Hy wit net oft er dêr no noch wol rjocht op hat. Bouma hat de Nationale Ombudsman in brief stjoerd, mar noch gjin antwurd krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)