Pearke kraanfûgels bringt jong grut op Delleboersterheide

14 aug 2018 - 11:15

In pearke kraanfûgels hat it earste jong ea op de Delleboersterheide by Aldeberkeap grutbrocht. It natuergebiet komt dêrmei yn de rige fan it Fochtelerfean, Dwingelerfjild, Korenburgerfean en it Drents-Friese Wold, dêr't de seldsume fûgels briede. Boskwachter Tom Jager wist net wat hy seach doe't hy it pearke yn april 'dûnsjen' seach. It wie it begjin fan in spannende tiid.

Foto: It Fryske Gea

Nettsjinsteande de grutte drûchte slagge it pearke der yn in jong grut te bringen. Dat is no tsien wiken âld en kin al fleane. It jong is sa minder kwetsber om't it earder fuortkomme kin. De kraanfûgel wurdt sjoen as karmaster fan natuergebieten, omdat de fûgel in soad easken hat. It lân moat wiet wêze, der moatte in soad ynsekten en kikkerts sitte en it moat rêstich wêze. It Fryske Gea ropt rekreanten dan ek op om ôfstân te hâlden en op de kuierpaden te bliuwen. De natuerorganisaasje hopet dat de kraanfûgels weromkomme en dat dit it begjin is fan in populaasje yn it gebiet.

(advertinsje)
(advertinsje)