Smookbelied MCL foarbyld foar sikehuzen yn binnen- en bûtenlân

Tritich sikehuzen ha by it sikehûs MCL yn Ljouwert op besite west om te praten oer it smookbelied. Under oare sikehuzen út Grins, Rotterdam en sels ien út België ha nei it belied fan it MCL sjoen.
Smookbelied MCL © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
It MCL is yn jannewaris fan dit jier úteinset mei it nije smookbelied. Op it hiele terrein fan it sikehûs mei net smookt wurde, ek net op it parkearterrein. "We hawwe bûtenportiers dy't minsken oansprekke", seit Frits Mostert fan it MCL. It belied pakt goed út, want der wurdt al folle minder smookt, seit er. "We fine noch wolris in peuk, mar we binne tefreden."
Der binne ek buorden delset, en der wurde flyers útdield. "Pasjinten dy't smoke, reagearje yn it algemien goed op it belied. As in bûtenportier in pasjint oansprekt, dan giet de peuk meastal wol út," seit Mostert.
Smookbelied MCL foarbyld foar sikehuzen
De sikehuzen dy't by it MCL delkomme om te praten oer it belied, binne ek ûnder de yndruk. Guon sikehuzen hawwe it lestiger as it MCL. "Rotterdam sit bygelyks oan de strjitte, en neist de Erasmus Universiteit. In smookfrije strjitte is noch wer in stap fierder", seit Mostert. "Uteinlik moat it gewoan wurde: by in sikehûs wurdt net smookt."