Soad skea by ûngelokken yn Fryslân

Der wiene trije ûngelokken yn it Fryske ferkear tiisdeitemoarn. Yn ferbân mei in swier ûngelok is de N381, de dyk fan Drachten rjochting de Drintske grins, folslein ôfsletten ter hichte fan Appelskea. Hjir is in frachtwein yn botsing kaam mei in auto. De bestjoerster fan de auto is mei slimme ferwûningen nei it sikehûs brocht.
It ûngelok by Appelskea
By in ûngelok op de Weperpolder by Easterwâlde is de bestjoerder fan in auto ferwûne rekke. De man botste mei syn auto tsjin in beam en moast troch de brânwacht út syn auto helle wurde. De traumahelikopter waard ek oproppen. De dyk is tydlik ôfsletten foar it oare ferkear.
© Compact Media
Op de N354 yn Dearsum wie tiisdeitemoarn in botsing tusken in bestelbus en in frachtwein. Oarsaak fan de hurde klap hat nei alle gedachten in foarrangsfout west. De bestjoerder fan de bestelbus is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De beide auto's binne fuortsleept.
© Srfotografie