Fytser ferstoarn nei oanriding op Skylge

14 aug 2018 - 10:01

De fytser dy't moandei op Skylge oanriden waard, is oan syn ferwûningen ferstoarn. De man kaam op de krusing fan de Baaidunen mei de Tunwei yn botsing mei in auto. It slachtoffer waard swierferwûne nei it sikehûs brocht. Dêr is er ferstoarn.

Foto: De Vries Media

De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok. Dat barde moandeitemiddei om kertier oer trijen hinne. De plysje is benammen op syk nei de bestjoerder fan in wite of ljochtgrize auto dy't nei alle gedachten mear sjoen hat.

(advertinsje)