Liesette Bruinsma begjint EK mei sulver

14 aug 2018 - 08:02

Liesette Bruinsma fan Wommels hat har earste medalje op it EK paraswimmen yn it Ierske Dublin te pakken. Op de 50 meter frije slach helle se de sulveren medalje. Maryna Piddubna út Oekraïne wie rapper as de 17-jierrige bline Fryske swimster. Bruinsma swom 30.54, Piddubna helle mei 30.22 in wrâldrekôr. Dat rekôr hie Bruinsma mei 30.71 yn hannen.

It EK paraswimmen duorret noch oant en mei snein 19 augustus.

Foto: ANP
(advertinsje)