Kollum: "Prûmedream"

14 aug 2018 - 07:30

"Je ha wiete prûmen, drûge prûmen, soere prûmen, skrale en grouwe prûmen. En je ha lytse prûmen.

It noflike fan fakânsje hawwen is it ûndergean en belibjen fan frijheid. Fan it neat moatten, fan it allinne mar meien. Fan it spontaan reagearjen op ûnferwachte saken. Om yn dy sfear te reitsjen hâld ik yn it fakânsjeskoft it nijs safolle mooglik op ôfstân. Want dy oanhâldende stream meast negative berjochten kin it near op in minske lizze, dy like tryst meitsje as Hans Dorrestijn dy't in jildpriis wint, mar syn lotsje kwyt is.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

Gjin nijs, dus. Likegoed glûpte ôfrûne wiken ien berjocht troch de mêsken fan it net. Dat wie it berjocht oer de te lytse prûmen fan kweker Kees. Troch de drûchte groeiden dy net goed. Mei fan gefolgen dat se krekt te lyts wiene om oan de supermerk ferkocht te wurden. Sadwaande bleau Kees mei 60.000 kilo te lytse prûmen sitten. Dy moatte nammentlik 38 milimeter wêze, en dy fan him wiene 35 milimeter. Gelokkich foar Kees hie er in suster dy't de kwestje op social media oan 'e oarder stelde. Nei har needgjalp kaam it lân manmachtich yn aksje. Skouder oan skouder focht ferûngelike Nederlân foar de rjochten fan de lytse prûm. En mei súkses: kweker Kees rekke dochs noch betelle fan syn fruit ôf. Ein goed, al goed.

De hannel en de tuskenhannel reagearren lykwols skeptysk. Dêr fûnen se it seuren wat Kees dien hie. Syn prûmen hiene de maat net, mar wiene wol deeglik gongber. Se wiene allinne minder jild wurdich. Dêr waard sein dat in fruitkweker in alternatyf kanaal ha moat foar produkten dy't bûten de kontraktôfspraken falle. Of it sa regelje binnen dy ôfspraken dat er se dochs ôfsette kin. Mei oare wurden: de hannel fûn kweker Kees mar in soerprûm. De supermerken sizze ûnderwilens dat de ôfspraken oer hoe't griente en fruit derút sjen moat, makke wurden binne oan 'e hân fan winsken fan de klant. De supermerk stelt dat wy rjochte komkommers ha wolle, grutte, glânzjende paprika's en perfekt rûne tomaten.

Mar is dat wol sa? Is dat net itselde as spikerbroeken ferkeapje mei gatten en skuorren deryn? Neffens my binne it marketeers dy't soks betinke, in ferlet kweke, in hype kreëarje. Dat jildt ek foar de supermerk. Fansels sille der klanten wêze dy't kleie oer in blutske op in tomaat of in klútsje dridze oan in ierappel. Lykwols is it yn it algemien de gruthannel dy't de standert stelt, en net de klant. In foarbyld dêrfan is dat fan in finkelkweker. Dy knypte him ek troch de drûchte, mar gelokkich hiene syn finkels de goede maat en it goede foarkommen. Dochs waarden se ôfkard foar de eksport. Omdat der neffens de gruthannel tefolle sân op siet. 750 kilo perfekte finkel nei de barrebysjes. In beslissing dêr't de klant gjin reet mei te krijen hat.

Ik ha in dream. Dêryn leit krûme griente en begrutlik fruit gewoan yn de bakken fan de supermerk. Woartels mei twa skonkjes dy't smûk neist krûme komkommers lizze, brike tomaten dy't knypeagje nei doffe paprika's. Boppedat griente en fruit fan it seizoen. Fan kwekers út de omkriten. Griente en fruit nei minsklike mjitte. Ik ha in dream."

(advertinsje)