IM wol residivist twa jier de sel yn ha

13 aug 2018 - 23:05

It Iepenbier Ministearje easket twa jier sel, wêrfan trije moannen ûnder betingst, tsjin in 38-jierrige Ljouwerter foar stellerij en ynbraken yn syn proeftiid. De man soe yn de lêste moannen ferskate strafbere feiten dien hawwe. By guon dêrfan waard syn DNA oantroffen.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

De man wurdt der fan fertocht klean, in kamera en sportdûkersguod út in buske stellen te hawwen. Ek soe hy yn in wenning ynbrutsen hawwe en dêr in pinpas mei pinkoade meinommen hawwe en sa ferskate kearen lytse bedragen pind hawwe.

Stellen bedriuwsbuske en boattrailer

Ein april trof de plysje de man oan yn in stellen bedriuwsbuske. Yn de bus leinen in stellen laptop en muzykynstallaasje.

Yn dyselde tiid soe er ek in boattrailer mei boat en in fyts stellen hawwe en fernielings makke ha by in ynbraak.

De Ljouwerter bekent de saken dêr't syn DNA by oantroffen waard, de oare ynbraken ûntkent er.

Yn syn proeftiid

It Iepenbier Ministearje weaget it mei dat de man de ynbraken plege hat yn syn proeftiid. Hy hie noch seis moannen ûnder betingst lizzen. It IM fynt dat de man dy no ek útsitte moat. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)