Motorklup Drachten stapt nei Ried fan Steat nei twangsom

13 aug 2018 - 22:58

Motorklup Dirty to Be út Drachten is nei de Ried fan Steat stapt. Dat dogge se om't se it net iens binne mei de gemeente Smellingerlân, dy't de motorklup in twangsom fan 10.000 euro oplein hat. Smellingerlân easket dat bedrach op, om't op in feest fan Dirty to Be ek gasten wienen mei in jaske fan in saneamde 'outlaw' motorklup, dy't de gemeente bûten de doar hâlde woe.

It gebou fan de Raad van State yn Den Haag - Foto: Wikipedia, Creative commons

It feest wie op 4 maaie yn in loads oan De Gaffel yn Drachten. De gemeente hie dêr in tip oer krigen en tasichthâlders gienen dernei ta. Dêr seagen se gasten mei in jaske fan de motorklup Blackguards, dy't dus net wolkom is yn Smellingerlân.

Jiersgearkomste

Sekretaris Arjen Jagersma fan Dirty to Be seit dat se dy dei de jiersgearkomste hienen. "Daar kunnen ook Blackguards zijn geweest, maar er zijn leden van Dirty to Be die ook lid zijn van Blackguard. De gemeente had moeten checken of op de vergadering ook niet-leden fan Dirty to Be waren." En dy wienen der neffens Jagersma net.

"Fan jiersgearkomste gjin sprake"

Ferline jier hie de gemeente al it fermoeden dat de loads oan De Gaffel, dy't Dirty to Be kocht hie, in kluphûs wurde soe fan Blackguards. Smellingerlân easke dat de loads allinnich brûkt wurde soe foar gearkomsten, it sleuteljen oan motoaren en it drinken fan in bierke. Fan in jiergearkomste wie neffens de gemeente op 4 maaie gjin sprake.

Elke oertrêding troch Dirty to Be kostet de motorklup 10.000 euro. Dit is de earste kear dat Smellingerlân jild foarderet fan de klup.

(advertinsje)