Ynwenners Damwâld oant de knibbels yn it wetter

De ynwenners fan de A. Prakkenstrjitte yn Damwâld stienen moandeitemiddei hast oant de knibbels ta yn it wetter. Nei de reinfal fan moast de brânwacht útride om't ferskate kelders blank stienen.
Brânwacht yn Damwâld © De Vries Media
Yn Damwâld foel moandeitemiddei ekstreem folle reinwetter yn in koarte tiid. De brânwacht fan Damwâld waard ferskate kearen oproppen foar wetteroerlêst. Bewenners Posthumus en Van der Roest hienen dit noch nea meimakke. Harren tunen stienen fol mei reinwetter. Se binne der noch hielendal fan ûnder de yndruk.
Frank Schreuder fan blusgroep Dokkum en bewenners fan de A. Prakkenstrjitte
Frank Schreuder fan de blusgroep Dokkum fertelt dat it wetter net fuortstreame kin troch in folle sleat. "It wetter út de kelders kin hast net fuort", seit er. Mei in dompelpomp waard de kelder leechpompt.