Lêste dei Karen Bies yn Belmullet: "Ik ha kontakten foar it libben makke"

13 aug 2018 - 21:23

It is alwer de lêste dei fan skriuwster en programmamakker Karen Bies yn it doarpke Belmullet, dat yn it westen fan Ierlân leit. Karen Bies waard begjin april útkeazen troch Oare Wurden, in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen.

Karen Bies yn Ierlân - Foto: Facebook Karen Bies

"Moandei is myn lêste dei yn Belmullet, mar ik gean noch net nei hûs ta. Ik gean in pear dagen nei Dublin, dus ik moat wol ôfskied nimme fan dit doarp", fertelt se.

Belmullet is in doarpke fan goed tûzen minsken oan de west-Ierske kust. "Earst tinkst: wat is dêr no te belibjen? Mar ik ha in hiel soad minsken kennen leard yn it doarp. Gewoan praat, op 'en paad west, rûn riden. Ik fiel my hjir behoarlik thús. Ik bin hiel wat te witten kaam oer de Ierske manier fan libjen en dêr wie ik ek nei op syk. Ik sil de minsken hjir misse."

Karen Bies oer har ûnderfiningen yn Belmullet

De opdracht foar Karen Bies yn it útwikselingsprojekt is dat se in ferhaal skriuwt. En dêrfoar hellet se ûnder oare ynspiraasje út wat se yn Belmullet meimakket en heart. "Ik gean hjir faak even nei de pub. Dêr kaam ik in stel tsjin, we rekken oan de praat. Dy fertelden my dat se de freed derop trouwe soenen. Ik fertelde dat ik ek mei in trouwerij yn myn ferhaal dwaande bin. Doe nûgen se my út foar de trouwerij. No ha ik freed op in echte Ierske brulloft west. Dat wie echt geweldich. It wie mei 200 minsken en duorre fan twa oere middeis oant fjouwer oere nachts. Dat sil my echt bybliuwe."

Ik ha hjir fral in hiel protte dien, sjoen en praat.

Karen Bies

Oer har opdracht: "Ik skriuw earst in ferhaal. Dat is ek de basis foar it boek foar jongeren, dat ik meitsje. Dat doch ik gewoan thús, hear. Mar ik ha hjir genôch kontakten opdien om dêr fierder mei te kinnen. En ik hoopje ek dat it in filmskript wurde kin."

Kontakten foar it libben

"Mar ik ha hjir fral in hiel protte dien, sjoen en praat. Ik ha kontakten foar it libben opdien."

"Alle minsken op dy trouwerij fregen natuerlik ek: "Kom ik ek yn dyn boek foar?" Ik ha se tasein dat ik, as ik boek ôf is, it hjir dan yn Belmullet presintearje.

(advertinsje)