Hurdegaryp profitearret it meast fan festival Psy-Fi

Rûchwei de helte fan de besikers oan it festival Psy-Fi komt moandei al oan. En dat wylst it festival sels pas woansdei úteinset yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert. It giet yn totaal om in 13.000 besikers. En dy minsken bliuwe net allinnich op festivalterrein; se moatte bygelyks ek boadskipje. Dat kin takom wykein yn Ljouwert al wat dreger wurde, want dan lûke de kuierjende Reuzen nei alle gedachten hûnderttûzenen minsken.
Psy-Fi
Dêrom wurdt in soad iepenbier ferfier oer en yn Hurdegaryp ôfhannele. De ferwachting is dat in soad festivalbesikers dêr dan ek te boadskipjen sille wêrtroch't it doarp - en dus net de stêd - it meast profitearret fan Psy-Fi.