Fryske skuorkalinder 2019 siket bydragen

Grinslân, Drinte en Oerisel, dy hawwe al harren eigen provinsjale skuorkalinder, mar Fryslân ûntbrekt dêr noch yn. Wylst it in perfekt relaasjegeskink foar de desimbermoanne wêze soe. Alteast, dat stelden studinten fan de Hanzehegeskoalle Grins yn in ûndersyk. En dêrom moat der ek foar Fryslân sa'n jierlikse kalinder komme, mei bydragen fan Friezen oer wat har dwaande hâldt, rekket of opfalt yn de provinsje. Persoanlike foto's, gedichten en koarte ferhaaltsjes. Op it stuit hat de redaksje fan de Fryske Skuorkalinder sa'n 175 ynstjoerings binnenkrigen. De organisaasje kin dan dus ek noch wol wat ekstra bydragen brûke.
Ynstjoerde foto foar de Fryske Scheurkalender © Saskia van Montfort (Facebook Fryske Scheurkalender)
Yn 2018 ferskynde der by útjouwerij Bornmeer de spesjale skuorkalinder yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018, skreaun troch Friesch Dagbladsjoernaliste Gerbrich van der Meer. Fierder bestiet der in Fryske Spreukekalinder, yn it Frysk dus.
"De Fryske Scheurkalender moet de eerste Friese kalender, voor én door de Friezen zijn. Iedereen mag een zelfgemaakte foto, verhaal of gedicht insturen. Dat kan deze week nog", fertelt Evert Pultrum. "En als je wilt kun je zelfs een bepaalde datum voor je bijdrage claimen."
Alle bydragen wurde nije wike troch in sjuery beoardiele.
Evert Pultrum