Helmholt sterkste yn Winsum

28 jun 2012 - 09:20

Burgumer Bart Helmholt hat woansdei de fierljepwedstryd yn Winsum op syn namme skreaun. Helmholt sette de winnende ôfstân fan 20.20 meter al by syn earste besykjen del. A-klasser Oane Galama fan It Heidenskip, dy't op de weromwei is nei in hernia, pakte ferrassend it twadde plak mei 19.42. Thomas Helmholt wie tredde.

By de froulju gie de winst nei Grytsje Abma mei in ôfstân fan 14.91. By de junioaren wie Hans Ulco de Boer de bêste mei 18.64. En de jongesgroep waard wûn troch Tom Hoekstra. Hy ljepte nei in moai persoanlik rekôr fan 17.65.

(advertinsje)