Klassemintslieder Grou ferliest kopposysje troch oanfarring

13 aug 2018 - 18:49

Grou ferliest de kopposysje yn it algemien klassemint fan it skûtsjesilen troch in oanfarring mei Wâldsein. Wâldsein lei oer bakboard, en hie foarrang. Grou siet fout, en krijt 14 punten. Dat hat de sjuery fan de SKS besletten. De oanfarring wie oan it begjin fan de wedstriid by Wâldsein, by de boppeste tonne.

Troch de útspraak fan de sjuery sakket koprinner Grou mei 26,8 punten werom nei it tredde plak yn it algemien klassemint. Earnewâld is earste, mei 19,9 punten, en Ljouwert twadde, mei 24,7 punten.

Drachten hie ek in protest yntsjinne tsjin Huzum. Dat is net takend, omdat de regel op basis wêrfan't it protest yntsjinne waard net fan tapassing is op de sitewaasje. Dat meldt de SKS.

Klassemint nei de wedstriid fan moandei 13 augustus

Plak Skûtsje Punten nei ôftrek Minste wedstriid
1. Earnewâld 19,9 14
2. Ljouwert 24,7 14
3. Grou 26,8 14
4. It Hearrenfean 28,6 11
5. Akkrum 30 6
6. De Lemmer 33 9
7. Huzum 37 14
8. De Heale Moanne 41 14
9. Drachten 46 14
10. Starum 49 14
11. Wâldsein 51 14
12. De Jouwer 52 12
13. Snits 55 14
14. Langwar 61 14
Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)