Skea oan sedumdak fan MFA It Werflân yn De Rottefalle

It griene dak fan MFA It Werflân fan De Rottefalle hat mooglik foar tûzenen euro's skea. It saneamde sedumdak bestiet út lytse fetplantsjes dy't ek yn ekstreme waarsomstannichheden oerlibje kinne. Dochs ha se bot te lijen hân fan de drûchte dizze simmer.
MFA It Werflân, De Rottefalle © Omrop Fryslân, René Koster
Frijwilligers ha ferline wike mei grutte slangen de boel noch wol besproeid, mar it sjocht der nei út dat dat mar foar in part holpen hat. Technyske man Sieger Visser fan It Werflân tinkt dat sa'n 50% fan de begroeiïng it net helje sil.
Ferslachjouwer René Koster wie by it sedumdak
Dat soe al gau in skeapost fan tûzenen euro's betsjutte, wylst dit type dak oanpriizge wurde as ûnderhâldsfrij. Wa't foar de eventuele kosten opdraait, is noch net dúdlik.
De multyfunksjonele akkommodaasje fan De Rottefalle stiet der noch mar in goed jier.