Wetterskip Fryslân heft bereiningsferbod op

Wetterskip Fryslân heft fuortendaliks it bereiningsferbod op. De delslach fan de ôfrûne dagen is hiel goed ferdield fallen en goed yn de grûn opnommen. Dat wie tsjin de ferwachting yn. Dêrtroch koe it wetterskip it grutste diel fan it reinwetter goed yn de 'polders' fêsthâlde. It bereiningsferbod waard op 26 july ynsteld.
© ANP
Boppedat soargje de bewolking en legere temperatueren foar minder ferdamping. Om't ek de fraach nei wetter fan de agraryske sektor ôfnimt, is it wettersysteem wer yn balâns.
Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân
"We hadden het beregeningsverbod vorige week al deels versoepeld", seit Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân. "Maar de hoeveelheid regen, gemiddeld 45 millimeter in de provincie, heeft er toch voor gezorgd dat we voldoende water in de systemen hebben."
"Toen we te weinig water in ons systeem kregen, hebben we op sommige plekken extra gehekkeld. Dat heeft zonder meer geholpen. Dat helpt zowel bij de aan- als bij de afvoer van het water."

Goed oan it ferbod holden

Elkenien is goed mei it ferbod omgien, seit Van Weperen: "Het is bijzonder positief geweest hoe boeren in Fryslân zich aan het beregeningsverbod hebben gehouden. En omdat men zich er goed aan hield, konden we een verruiming van beregeningstijd doorvoeren. En daarom hebben we nu ook geen dag langer gewacht. Vanmiddag om 17.00 uur hebben we de beslissing genomen om het op te heffen."
Foar ein ferline wike waarden hurde buien foarsein. Dat soe net goed wêze, want dan slacht de grûn ticht en wurdt wetter net goed opnommen. Sletten en fearten soargje dan foar in fluggere ôffier fan it wetter. Mar om't it wetter stadicheroan foel, koe it better de grûn ynkringe.

Wetterkwaliteit

Troch de legere temperatueren, wurdt ek it wetter wat kâlder. Dat hat mooglik in posityf effekt op de kwaliteit fan it wetter. Op guon lokaasjes is de ôfrûne wiken blau-alch oantroffen. It wetter wurdt alle twa wiken kontrolearre, mar fanwegen de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden komt der in ekstra kontrôle.
Tineke de Vries fan LTO Noard