Fermiste frou dea fûn yn mar

28 jun 2012 - 08:45

It lichem fan in fermiste frou út Seisbierrum is woansdeitemiddei fûn yn de Snitsermar. By it Tersoalsterslúske waard it lichem fan de 36-jierrige frou ûntdutsen.

Freed wie se yn oerspannen tastân fuortgien by de caravan fan har mem op de camping oan de Snitsermar by Terherne. Mei in helikopter en sonarapparatuer waard de Snitsermar doe ôfsocht.

(advertinsje)
(advertinsje)