Oerlêst troch min waar: strjitten blank en beam yn twaen troch wjerljocht

13 aug 2018 - 17:18

Min waar soarget benammen yn in noardeasten fan Fryslân foar oerlêst. Troch de rein stiet yn Burgum de Hornstrasingel blank. Yn Kollum is de wjerljocht yn in beam yn de Meester Andreaestrjitte slein. Dy is dêrtroch yn twaen spliten. De brânwacht hat de strjitte wer frij makke. By wetteroerlêst yn Damwâld is de brânwacht ek ynskeakele.

Trefwurden: 
waar oerlêst
(advertinsje)