Fytser slim ferwûne by ûngelok op Skylge

13 aug 2018 - 16:51

By in ûngelok op Skylge is moandeitemiddei in fytser slim ferwûne rekke. It ûngelok wie yn it doarpke Baaidunen.

Foto: De Vries Media

De fytser waard nei alle gedachten by it oerstekken oanriden troch in auto. Hoe't dat gebeure koe is noch net bekend.

Twa ambulânses hawwe earste help ferliend. De fytser is dêrnei nei in sikhûs oan de fêste wâl brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Skylge
(advertinsje)