FIDEO: Lyts boatsje slacht om nei oanfarring by skûtsjesilen Wâldsein

Direkt neidat it earste skûtsje op it wetter fan Wâldsein oer de finish kaam, is in lyts boatsje fan de SKS omslein. It boatsje kaam yn de ferdrukking tusken it skûtsje fan Ljouwert en it boatsje mei de radioferslachjouwers fan Omrop Fryslân.
De oanfarring by Wâldsein
Twa minsken binne te wetter rekke. Se binne der wer út helle troch minsken yn oare boatsjes. It boatsje dat omslein wie, is fuortsleept.
It is net de earste kear dit jier dat in lyts boatsje omslacht op it wedstriidwetter. Op de Snitser Mar by Terherne sloech in oar boatsje om, nei in oanfarring mei it skûtsje fan Drachten.