Fabio Jakobsen wint yn Boalsert earste etappe BinckBank Tour
Fabio Jakobsen hat yn Boalsert de earste etappe fan de BinckBank Tour wûn. De 21-jierrige Nederlânske sprinter fan de ploech Quick-Step Floors wie op de Alde Rykswei te rap foar de Dútser Marcel Kittel en de Australiër Caleb Ewan, dy't twadde en tredde waarden.
Gearfetting fan de earste etappe
De earste etappe begûn moandei krekt nei tolven njonken it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Al betiid sprongen seis hurdfytsers fuort út it peloton. De kopgroep bestie út twa Nederlanners, trije Belgen en in Italiaan.
Underweis nei Boalsert ta krigen de hurdfytsers in soad reinwetter op de kop. Nei 112 kilometer fia ûnder oare De Jouwer, Aldemardum, Starum, Hylpen en Warkum kamen de fytsers oan yn Harkesyl. Dêr begûn in pleatslike ronde fan goed twintich kilometer fia Wytmarsum en Hemert nei Boalsert ta.
Yn de lêste pleatslike ronde, op tolve kilometer fan de finish, waard de kopgroep ynrûn. Dêrnei demarrearre Jan-Willem van Schip noch fuort út it peloton. Hy pakte santjin sekonden, mar koe syn foarsprong net fêsthâlde.
Yn de spannende sprint wûn Fabio Jakobsen krekt foar Marcel Kittel en Caleb Ewan. De grutte favoryt, Dylan Groenewegen, waard sechsde.
De reaksje fan Fabio Jakobsen
Moandeitejûn ferpleatst it hiele peloton har nei Limboarch ta. Yn Venray is tiisdei in tiidrit. De BinckBank Tour einiget snein mei in etappe troch België: fan Lacs de l'Eau d'Heure nei Geraardsbergen.
De top 10 fan de earste etappe
Plak | Namme | Lân | Ploech |
1. | Fabio Jakobsen | Nederlân | Quick-Step Floors |
2. | Marcel Kittel | Dútslân | Team Katusha-Alpecin |
3. | Caleb Ewan | Australië | Mitchelton-Scott |
4. | Kristoffer Halvorsen | Noarwegen | Team Sky |
5. | Max Walscheid | Dútslân | Team Sunweb |
6. | Dylan Groenewegen | Nederlân | Team LottoNL-Jumbo |
7. | Matteo Pelucchi | Italië | BORA-hansgrohe |
8. | Timothy Dupont | België | Wanty-Groupe Gobert |
9. | Jasper Stuyven | België | Trek-Segafredo |
10. | Riccardo Minali | Italië | Astana |