Gemeente Hearrenfean: "Swalkôffal hieltyd grutter probleem"

13 aug 2018 - 16:21

Op guon plakken yn de gemeente Hearrenfean is der safolle oerlêst fan swalkôffal dat der de kommende tiid ekstra hanthavene wurdt. Yn septimber set de gemeente boppedat yn op in spesjale bewustwurdingskampanje. Yn Skoatterwâld wurdt gauris ôffal dumpt njonken de ûndergrûnske ôffalkonteners. Yn de wenwyk Nijehaske is de oerlêst sels sa grut dat der bûtengewoane opspoaringsamtners ynset wurde. Dy moatte op tiden bûten kantoaroeren neigean oft der rotsoai dumpt wurdt.

Foto: Facebook Bewoners Skoatterwâld

"It wurdt hieltyd in grutter probleem. Yn Nijehaske giet it fan losse pûden ôffal oant heale kuolkasten, dy't op strjitte smiten wurden", fertelt in wurdfierder fan de gemeente Hearrenfean. "Om minsken bewust te meitsjen fan hoe't se mei ôffal omgean moatte, sette we yn septimber mei in ôffalkampanje útein."

De ôffalkonteners binne allinnich foar húshâldlik ôffal, âld papier en glês.

(advertinsje)
(advertinsje)