UPDATE: Ljouwert nimt revâns mei tredde deipriis by Wâldsein

13 aug 2018 - 15:52

It skûtsje fan Ljouwert is by Wâldsein as earste oer de finish kaam. It is al de tredde kear dit kampioenskip dat Ljouwert de fluchste is. Yn de iepeningswedstriid by Grou wie Ljouwert al earste, en op de Langwarder Wielen ek. Op de finish makken de bemanningsleden dúdlik dat se it net iens binne mei in útspraak fan de sylried. Der wie net ien dy't joecheide.

De útspraak fan de sylried hat Ljouwert 14 punten opsmiten nei in oanfarring by Starum. Ljouwert wie yn heger berop gien, mar dat hat neat opsmiten. Nei ôfrin fan de wedstriid by Wâldsein wie skipper Willem Zwaga dêr noch woest oer. Hy hat in jurist ynskeakele, om út te finen oft der noch wat oan te dwaan is. "Ik bin it net iens mei de sjuery. En neffens my ha ik der mear ferstân fan as sy."

Ljouwert wie op it wetter by Wâldsein as earste by de boppeste tonne. It skûtsje fan Grou kaam dêr as twadde oan. Ljouwert sylde oer stjoerboard, Grou makke in opsjitter om de tonne te heljen. Wâldsein siet dêr deun achter, oer bakboard.

It waard in gribus. De skûtsjes rekken mekoar. Grou en Wâldsein knopen de reade protestflagge yn it want.

Wâldsein hat by dizze sitewaasje in protest yntsjinne tsjin Grou. Grou protestearret tsjin Drachten, en Drachten tsjin Grou.

It skûtsje fan Earnewâld kaam as twadde oer de finish. Wâldsein waard tredde. Pas neidat de sjuery alle protesten behannele hat, kin it klassemint opmakke wurde.

Trefwurden: 
Wâldsein skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)