Grykse boeren leare yn Fryslân

27 jun 2012 - 23:01

Suvelkonsern FrieslandCampina groeit flink yn Grikelân en Fryslân hat in grutte rol by it ferheegjen en ferbetterjen fan de molkproduksje. FrieslandCampina hie al lang in molkfabryk yn Grikelân, mar helle de molke altyd út Dútslân. No binne der Grykse boeren fûn dy't molke leverje kinne. Twintich boeren binne dizze wike yn Fryslân om mear te learen oer it ferbetterjen fan har bedriuwen en yn septimber komme de folgjende al wer.

No wurdt der 15 ton molke deis levere oan it fabryk fan FrieslandCampina yn Patras, dat moat 160 ton per dei wurde.

(advertinsje)