FIDEO: Hurdfytsers yn BinckBank Tour ûnderweis fan It Hearrenfean nei Boalsert

De hurdfytsers yn de BinckBank Tour binne ûnderweis. De earste etappe fan de wedstriid troch Nederlân en België giet fan It Hearrenfean nei Boalsert. De rûte fan moandei fiert it peloton moandei ûnder oare troch Aldemardum, Starum, Hylpen en Warkum.
Hurdfytsers ûnderweis yn BinckBank Tour
De Nederlânske sprinter Dylan Groenewegen is de grutte favoryt yn de earste etappe. "Het ligt vandaag een beetje aan de wind, maar de kans op een sprint is aanwezig. Het is een lastige aankomst, met een lang stuk rechtdoor. Moeilijk om te timen, maar we gaan ons best doen." Oare belangrike kânshawwers binne Michael Matthews, Caleb Ewan en Marcel Kittel.
It is de tredde kear op rige dat de BinckBank Tour troch Fryslân komt. Dat wie de ôfspraak, mar dit wie foarearst wol de lêste kear, seit koersdirekteur Rob Discart.