Jier selstraf easke tsjin Ljouwerter om mishanneling fan kunde

It Iepenbier Ministearje easket in jier selstraf, wêrfan 6 moannen ûnder betingst, tsjin in 28-jierrige Ljouwerter dy't in kunde fan him swier mishannele hat. Dat barde op 7 maaie yn Emmer-Compascuum. De Ljouwerter soe it slachtoffer mei in boksbûgel tsjin 'e holle slein hawwe. Dy klapte dêrnei tsjin in muorre en rekke bûten bewustwêzen.
© ANP
It slachtoffer waard mei ferwûnings oan syn gesicht en in brutsen noas nei it sikehûs brocht. De Ljouwerter soe de man slein hawwe, fanwegen oprinnende jaloersk gedrach nei syn freondinne ta. It slachtoffer freget ek 6.000 euro skeafergoeding, om't er metalen platen yn syn gesicht krigen hat.
Fierder fynt it IM dat de Ljouwerter in alkoholferbod en in kontaktferbod mei it slachtoffer krije moat. De útspraak is oer twa wiken.