Alde doarpsfeart wer útgroeven

27 jun 2012 - 22:52

Yn Himpens Tearns is begûn mei it wer útgraven fan de âlde doarpsfeart. Oant de jierren '60 rûn dy feart fan de Nauwe Greuns, by de Skoalledyk lâns, nei it Langdiel. No wurdt dêr in stik fan 300 meter wer útgroeven. Bewenners kinne dêr dan in boatsje oanlizze en it oansjoch fan it doarp wurdt ferbettere. It plan wie al 12 jier âld, mar earst seagen de bewenners it plan net sitten. Letter waard it wer oppakt, mar wie der gjin jild mear. It wurk moat ein dit jier klear wêze en kostet goed in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
doarpsfeart Langdiel
(advertinsje)