"Oarlochsmonuminten De Jouwer binne net sichtber genôch"

13 aug 2018 - 12:36

Stichting Nationale Herdenking De Jouwer wol dat de oarlochsmonuminten yn it doarp better respektearre wurde. Yn in brief op poaten oan it gemeentebestjoer ropt de stichting op om no wurk te meitsjen fan in parkear- en stallingsferbod njonken de monuminten.

It giet om twa plakkaten op de Jouster toer, midden yn de Midstrjitte. Geregeld stean der auto's foar parkeard wylst dat dêr net mei. Der stiet op woansdeis ek altyd in loempiakream. De stichting trunet al in skoft oan op maatregels. De monuminten soene mear respekt fertsjinje. It bestjoer easket dan ek dat der fuortendaliks in oplossing komt en dat der hânhavene wurdt op it parkearferbod.

(advertinsje)